Agenda:

27 - 05 - 2018Bierbrouwdemonstratie bij de Klokkestoel
22 - 06 - 2018Oud papier
20 - 07 - 2018Oud papier
08 - 09 - 2018Oud papier
   Taal:    nederlands   Frysk Welkom Nieuws Kerk Terkaple Prikbord Contact  

Menu

Dorpen en bewoners
Plaatselijk belang
De Earrebarre
Voorzieningen
Jongeren
Verenigingen
Bedrijven
Agenda
Fotoalbums
Youtube
Gastenboek
Links


19 - 02 - 2012 - Kerk Terkaple vanaf 1200


De kerk van Terkaple   De huidige kerk van Terkaple is gebouwd in 1854; op dezelfde plek waar heel lang een kapel heeft gestaan. Deze vroegere kapel ziet u hieronder op een tekening van J. Stellingwerf uit ±1722. Het was een tufstenen kapel die gebouwd moet zijn omstreeks het jaar 1200. Of dit dezelfde kapel is die Terkaple zijn naam gegeven heeft, is niet bekend. Ter-kaple betekent “bij de kapel”. In oude geschriften en op kaarten wordt Terkaple ook wel “Capella” genoemd.   De kapel was gewijd aan de heilige Margaretha. Elk dorp had indertijd zijn eigen dorpsheilige of patroon, die men aanriep in gebeden en om bescherming vroeg bij rampen. Voor Terkaple was dit de patrones Margaretha. De klok die nu nog in de toren hangt, heeft als inscriptie: “bid voor ons, zalige, heilige Margaretha; de Heer Eema, pastoor toen ter tijd, Tjepke, ingezeten, in het jaar des Heeren 1472”. Pastoor Eema is slechts een voornaam; hij zou nu Ime of Yme geheten hebben.   Het oude kerkje was prachtig beschilderd met 18 plafondschilderingen. Deze schilderingen zijn allemaal uitgebreid beschreven en getekend in 1853, vlak voordat de kerk afgebroken is. De tekeningen liggen nu in het Fries Museum in Leeuwarden. Het zijn bijbelse voorstellingen, zoals: het laatste avondmaal, de kus van Judas, Jona die uit de walvis komt, Abraham en Izaäk. Verder de apostelen Petrus, Paulus, Andreas en Thomas. Ook staat Margaretha afgebeeld, de patrones van Terkaple. De schilderingen zouden dateren uit de 1e helft van de 16e eeuw, toen waarschijnlijk een grote renovatie van de kerk heeft plaatsgevonden. Ze zijn voor het overgrote deel betaald door de families Oenema en Roorda, die een voorname rol speelden in Terkaple. Hun familiewapens waren dan ook afgebeeld bij de plafondschilderingen, evenals de wapens van Fryslân en andere financiële donateurs zoals de families Jongema, Galama en Walta.       Vandaag de dag zijn hun namen terug te vinden op de grafstenen in de vloer van de huidige kerk. Deze grafstenen lagen ook al in de oude kerk. De grootste steen is van Douwe van Roorda en zijn vrouw Elisabeth de Borghreef (1610): “Hier leit begraven den Eedelen Eerentphesten Jonker Douwe van Roerda, sterf den 23 marty 1601 ende d’Eedele Eerenrike Joffrou Elysabeth de Borghreef, syn wyf, sterf den 6 april 1615, maer leit tot Mechelen in de Klarissenkerk begraven”. In de rand van deze grootste steen (maar niet te zien): “Den Eedelen Eerentphesten Jr. Oene van Albarda leit hier begraven met 5 van zijne Kinderen. 15 november 1658”. Een andere steen stamt uit 1570 en vermeldt het sterven van Kempo van Oenema en “anno 1533 den 21 augusti sterf die eedele juffrou Doutye van Oenema”. De oudste steen die hier moet liggen, maar niet te zien is (hij ligt waarschijnlijk onder de vloer bij de preekstoel), stamt uit 1485, heeft de vorm van een doodskist en heeft als opschrift: “in het jaar ons Heren 1485 do staerf Tyepke Onamen, op Maydey. Biddet foer die syel en Pater noster”.     De Terkaplester kapel is afgebroken in 1854. De kerk was verwaarloosd en werd te duur in onderhoud. Een advertentie uit de Leeuwarder Courant van 21 april 1854 zegt het volgende: “uit de hand te koop: eene aanzienlijke partij tufsteen, ongeveer 70 last grof wrak en 20 last fijne keizel, liggende te Terkaple, geschikt om te water vervoerd te worden. Te bevragen bij J.H. Hilverda te Terkaple”. Een nieuwe kerk werd gebouwd. De eerste steenlegging is vereeuwigd in 2 gedenkstenen naast de deur in de buitenmuur. Op de linker steen staat geschreven: “Op den 11 april 1854 is de eerste steen tot dit kerkgebouw gelegd door Anne Jacobs Hilverda, geboren te Terkaple den 17 febr. 1848”. Op de rechter steen: “Anno 1854 R. Witsenborgh-Vincken, predikant, J.H. Hilverda, Teake Murks de Groot, Dirk-Pieters Rijpkema, kerkvoogden”. Bouwtekening en bestek worden bewaard in het kerkarchief. In het bestek wordt o.a. beschreven hoe er gebouwd moest worden: “dan zal hy de gegraven fundamenten beheijen met drie regels palen, de palen moeten elsen zijn en niet ligter als 7 duims op de kop en goed regt met vier palm tusschenruimte”. In 1924 werd de kerk gecompleteerd met de aankoop van een nieuw kerkorgel voor het totaalbedrag van fl. 1.750,--. In die tijd een heel bedrag!   Trije grêfstiennen yn de tsjerke fan Terkaple   As je de tsjerke fan Terkaple ynrinne, falt daliks de prachtige grêfstien op dêr’t in man en in frou op ôfbylde steane. It binne Douwe van Roorda en syn frou Elisabeth de Borghreef, eigenaren fan Oenemastate om it jier 1600 hinne. Oenemastate stie noordlik fan de tsjerke, wer’t no de famylje J. v.d. Ley wennet. Terkaple hie yn it tiidrek ±1500-1600 in pear rike famyljes: de Oenema’s en de Roorda’s. It geslacht Oenema wenne hjir al yn de 15e ieuw en behearsken in grut gebiet. De Roorda’s, dy’t troch houlik ferbûn wienen mei de Oenema’s, waarden harren erfopfolgers.   De earste en âldst bekende grêfstien yn tsjerke, is dy fan Tjepke Oenema, dy’t libbe fan 1410-1485. Dizze stien is net sichtber; hy leit wierskynlik ûnder de flier foar by de preekstoel. De stien hat in reade kleur en de foarm fan in deksel fan in lykkiste. It opskrift is: “In het jaar ons Heeren 1485 do staerf Tyepka Onamen, op Maydey. Biddet foer die syel en Pater noster”. (Bûten, neist de foardoar stiet ek in stik fan in stien; dit hat deselde reade kleur). Dizze Tjepke wie de oerpake fan Keimpe Douwes Oenema, dy’t fermeld stiet op de twadde belangrike grêfstien. Dizze stien leit fuort achter de stien fan de man en de frou. Der stiet in soarte fan tempeltsje op mei suilen derneist en de folgjende tekst der omhinne yn de râne: “Anno 1570, den 24 May sterf die Eedele Kempo van Oenema. Anno 1533, den 21 Augusti sterf die Eedele Juffrou Doutye van Onema”. Keimpe Douwes libbe fan 1502-1570. Hy wie net troud en wenne fanôf  ±1517 oant   Op de grêfstien stiet de folgjende tekst: “Hier leyt begrawen den Eedelen Eerentphesten Jonker Douwe van Roerda, sterf den 23 Marty 1601, ende d’ Eedele Eerenricke Joffrou Elysabeth de Borghreeff, zyn wyf, sterf den 6 April anno 1615”. Elisabeth (1545-1615) hat de stien meitsje litten ta eare en oantinken oan har man, mei de bedoeling der sels letter ek by begroeven te wurden. Mar dit is net bard; sy is yn Mechelen begroeven, sa’t letter op de sydkant fan de stien skreaun is: “Maar leit tot Mechelen in de Klarissen kerck begraven”. Yn it midden fan de stien oan de boppekant steane de wapens fan Roorda en Borghreef en fierder oan de ûnderkant in grut oantal famyljewapens, wer’t de helte mar fan te sjen is.       syn dea yn 1570 op Oenemastate. Op deselde stien stiet ek syn suster: Doutje Douwes Oenema. Sy libbe fan 1505-1533. Fierder steane op de stien wapens fan de foarâlden fan heit- en memmekant. Keimpe en Doutje wienen bern fan Douwe Keimpes Oenema en His van Sjaerdema. Douwe stoar al op 47-jierrige leeftyd. Hy moat ek yn Terkaple begroeven wêze, mar in grêfstien is net bekend. His, dy’t 15 jier jonger wie, troude wer mei Frans van Roorda, grytman fan Wymbritseradeel. Sy krigen yn 1536 noch in soan: Douwe Franses Roorda. En dizze Douwe van Roorda stiet op de tredde grêfstien, my syn twadde frou Elisabeth de Borghreef. Douwe libbe fan 1536-1601. Hy waard erfgenamt fan Oenemastate nei de dea fan syn healbroer Keimpe yn 1570.       Lang net alle tekst fan de stien is sichtber; in soad sit ferburgen ûnder de houten flierren. Op de sydkant fan de stien (mar ek net te sjen) stiet noch de folgjende tekst: “Anno 1658, den 15 November, sterf den Eedelen Eerentphesten Jr. Oene van Albada, leidt hier begraven met 5 van zijne kinderen”. Oene (1610-1658) wie troud mei Elisabeth Roorda de Borghreef, in beppesizzer fan de Elisabeth de Borghreef dy’t op de grefstien stiet. De stien is yn 1610 úthakt troch Jacob Lous, in bekende architect en byldhouwer út Harns. Syn namme stiet oan de boppeste râne fan de stien.   Grêfstiennen yn de tsjerke fan Terkaple   De foarige ôflevering ha ik wat ferteld oer de famyljes Oenema en Roorda oan de hân fan de grêfstiennen yn tsjerke. Oer Douwe van Roorda en Elisabeth de Borghreef, dy’t ôfbylde binne op de grutte grêfstien, falt noch wol wat mear te fertellen. Douwe van Roorda en Elisabeth de Borghreef libben yn de tiid fan de reformaasje. It wie de tiid fan Willem van Oranje dy’t tsjin de katholike kening Filips II fan Spanje stride. In soad minsken stapten oer fan it katholisisme nei it protestantisme, foaral yn noord Nederlân. Douwe van Roorda is altyd rooms katholyk bleaun en fanwege dit feit hat hy 20 jier yn ballingskip libbe. Wêr krekt, is my ûnbekend. Nei syn ballingskip komt hy op Oenemastate te wenjen. Op syn grêfstien stiet in Latynsk gebed dat oan dizze 20 jier refereart. Elisabeth de Borghreef wie de twadde frou fan Douwe van Roorda. Sy hienen gjin bern. Elisabeth wie wol de erfgenamt fan Douwe. Sy nam Dirck, de soan fan har broer Jan, oan as har eigen soan en makke him erfgenamt fan Oenemastate en alles wat dêrby hearde. Dizze Dirck neamde him letter Douwe Roorda de Borghreef. Elisabeth ferhuze nei de dea fan Douwe van Roorda yn 1601 nei Mechelen. Dit hie ek te krijen mei it feit dat sy ek rooms katholyk bleaun wie en dêrtroch makliker libbe yn sudeliker streken. Yn in tsjerke fan Mechelen leit in grêfstien wêr’t de folgjende tekst op stiet: “hier leet begraven vrauwe Elisabeth de Borgherfelt (sic!) weduwe wijlen heer Dominicus de Roorda ghecomen synde uijt Vrieslant dor liefde van de catolijcke ende roomsche religie, goet, vrienden, en aldaer verlaten hebbende, is alhier binnen Mechelen gestorven den 6en April 1615”. Neist dizze stien leit de grefstien fan Maaike de Groot. It wit neat oer dizze frou. As ien der mear fan wit, dan hear ik dat graach. Dizze stien is min te lêzen. De tekst is wierskynlik: “Rustplaats van Maaike M. de Groot geboren te Akmarijp (?) den … December … overleden te Terkaple (?) den 10 September 1886 (?) echtgenoote van M.S. van Dijk”. Oan de ein fan it paad, by de doar lizze de stiennen fan ds. Vinckers en syn vrouw, of miskien syn suster. Roelof Witsenborgh Vinckers wie dominee yn Terkaple-Eagmaryp fan 1852 oant syn dea yn 1871. Syn namme is ek te finen op ien fan de twa tinkstiennen yn de bûtenmuorre fan de                                                   Fierder lizze yn it gangpaad fan tsjerke, achter de stien fan Douwe en Elisabeth en de stien fan healbroer Keimpe en healsuster Doutje, noch de folgjende stiennen: in stien fan ds. Allardus Fennema en syn soan Nicolaus, dy’t mar 19 jier âld waard. Op syn stien stiet: “1734. Nicolaus Fennema overleeden den 26 Januarius, oud 19 Jaer 9 Maenden 24 dagen”. Dêr ûnder de tekst fan syn heit Allardus Fennema, dy’t dominee yn Terkaple-Eagmaryp wie fan 1718 oant syn dea yn 1742: “Anno 1742 den 22 January is overleden Do Allardus Fennema Bedienaer des H. Ivangeliums te Terkaple en Akmarijp oud 57 Jaer en leit hier begraven”.   tsjerke, oan wearskanten fan de doar. Dizze tinkstiennen herinnerje oan de earste stienlizzing fan de tsjerke yn 1854. Op de grêfstiennen steane de folgjende teksten: “Rustplaats van den WelEerwaarde ZeegGeleerde Heer Roelof Witsenborgh Vinckers, in leven predikant te Terkaple en Akmarijp, geboren te Winschoten den 17 Mei 1801, overleden te Terkaple den 2 December 1871”. “Rustplaats van het stoffelijk overschot van Mejuffer Geertruida Bouwina Vinckers geboren te Winschoten den 28 Mei 1802, overleden te Terkaple den 18 February 1864”.  





  Terug